Toplobbyist Russchen pleitet foar Fryslândei yn Brussel

29 maaie 2015 - 19:45

Ljouwert Kulturele Haadstêd moat him yn 2018 net allinnich yn Fryslân presintearje, mar ek yn Brussel, de permaninte haadstêd fan Europa. Dat seit toplobbyist Wytze Russchen. Hy komt oarspronklik fan Drachten en organisearre al in pear kear in grutte Brabân-dei yn Brussel.

Russchen sjocht it al hielendal foar him; fierljeppe en keatse op it Lúksemboarchplein foar it Europeesk parlemint, in alvestêdetocht lâns de Europeeske ynstituten en fansels ek bearenburch. Russchen wol de organisaasje fan sa'n dei wol regelje.

In eigen dei yn Brussel mei sport, kultuer en kulinêre bysûnderheden kin in regio geweldich op 'e kaart sette, sa is de ûnderfining fan Russchen, en dat makket it wer folle makliker om saken te dwaan en foar de regio te lobbyen. Buro de Vries stjoert snein in lange reportaazje út oer Russchen, dy't ûnder mear bekend is fan syn boeken 'Het Oliemannetje' en #Post uit Brussel. Russchen stiet ek op de list fan 'Tien machtigste Nederlanders in Brussel'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)