Friesch Dagblad feroaret Sneinspetiele yn 'Wykein'

29 maaie 2015 - 16:18
  • De Sneinspetiele

Nei mear as 50 jier komt der sneon in ein oan de Sneinspetiele, de wykeinbylage fan it Friesch Dagblad. Fan sneon ôf hjit it wykeinkatern Wykein, want dat is modern en fris, sizze de betinkers. De petiele stie bekend om deeglike achtergrûnferhalen, tsjerkenijs en ynterviews. Dat sil net feroarje, seit haadredakteur Lútsen Kooistra.

Lykas by de measte kranten rinne ek by it Friesch Dagblad it tal abonnees en de advertinsjeynkomsten werom. Hoe't de fernijing by de trouwe en meast âldere abonnees falt sil de kommende tiid bliken dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)