Isabelle Diks besjocht fersakking yn Grouster strjitte

29 maaie 2015 - 16:09
  • De Noarderdwersstrjitte yn Grou

Wethâlder Isabelle Diks fan Ljouwert hat freed in besite brocht oan de Noarderdwersstrjitte yn Grou. De strjitte yn Grou is al oardel jier oan it fersakjen en seis wenningen steane yntusken al leech. It giet mei-inoar om tweintich wenningen, sawol keap- as hierwenten. It sit de bewenners heech dat it sa lang duorret foar't der in oplossing komt.

Wethâlder Diks wie foar it earst yn de strjitte en hat mei de bewenners praat om har ynformearje te litten. De gemeente wachtet op de útkomst fan in ûndersyk nei de fersakking.

De útslach fan it ûndersyk wurdt yn july ferwachte. Pas as it rapport der leit sil de gemeente te set mei mooglike oplossings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)