Kwadrant en ZuidOostZorg meie tehuzen Pasana oernimme

29 maaie 2015 - 14:49
  • De Spiker yn Ternaard

De Nederlandse Zorgautoriteit (NZa) giet akkoart mei de oername fan de ferpleech- en fersoargingstehuzen fan de fallyt ferklearre soarchgroep Pasana troch de Kwadrantgroep en ZuidOostZorg. Dat hawwe de kuratoaren bekend makke. De oername moat no allinnich nog goedkard wurde troch de Autoriteit Consument en Markt.

De nije eigeners wolle de tsien tehuzen iepenhâlde en ynvestearje yn de gebouwen. Mei-inoar wurkje der mear as tûzen meiwurkers yn fêste tsjinst.

Earder waard al bekend dat 160 eardere Pasanameiwurkers troch de oername oerstallich binne en dien krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)