Trije konteners yn de brân stutsen yn Ljouwert

29 maaie 2015 - 14:13
  • Kontenerbrân oan de Hottingastate yn Ljouwert

De plysje siket tsjûgen fan trije kontenerbrannen yn Ljouwert. De brannen wiene tongersdeitejûn tusken alve en tolve oere.

Ien baarnende kontener stie njonken in wenhûs op de hoeke Cambuursterpaad-Sontstrjitte. Yn de Wylgenstrjitte yn de wyk Heechterp blykte trije kertier letter in papierkontener te baarnen dy't tsjin in berging oan stie. De berging rûn skea op by de brân. Oan de Hottingastate yn de wyk Camminghabuorren wie ek in kontener yn de brân stutsen. De plysje ropt minsken op dy't mear witte fan de brânstichtings, te beljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)