Harkemaster mei drugs pakt by ferkearskontrôle yn Drachten

29 maaie 2015 - 12:17

In 26-jierrige man út De Harkema is tongersdeitejûn trappearre op it yn besit hawwen fan drugs. De plysje hâlde him oan by in ferkearskontrôle op de Tramleane yn Drachten. De man hie wyt poeier by him. Mei-inoar gie it om sawat acht gram. Nei alle gedachten is it guod speed.

De fertochte is meinaam nei it plysjeburo. Hy wurdt dêr ferheard foar hannel yn hard-drugs.

Trefwurden: 
Drachten drugs De Harkema speed
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)