Brânwacht Kollum bringt brânwachtauto nei Roemenië

29 maaie 2015 - 10:26

De Brânwacht Kollum bringt foar de fjirde kear in brânwachtauto nei Roemenië. Freedtemoarn binne se ôfset foar in reis fan trije dagen. De Kollumers hawwe de brânwachtauto út 1975 foar in sêft priiske op de kop tikke, him neisjoen, opnij spuite en foarsjoen fan ôfskreaun guod dat noch goed brûkber is. Sponsors hawwe dêrby holpen om dat mooglik te meitsjen.

De need by de brânwacht yn Roemeenske doarpen is heech, want de measte huzen binne dêr fan hout. De brânwacht dêr hat ek net folle jild en middels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)