Belestingflater Menameradiel

02 mrt 2012 - 20:52

De gemeente Menameradiel hat in flater makke by de ûnreplikesaakbelesting. Op de oanslach is in âlde peildatum opnaam, der moatte dêrom nije oanslaggen tastjoerd wurde. De gemeente hat dat de ynwenners yntusken mei in brief witte litten.

Menameradiel makke yn 2009 ek al ris in flater mei de oanslach foar de ôffalstoffeheffing. Doe hie op beide taheakke akseptgiro's de helte fan it bedrach stean moatten, dat wie twa kear it hiele bedrach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)