Margot Boer 2e op 500 meter

02 mrt 2012 - 20:11

Margot Boer hat by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean foar it earst dit seizoen it poadium helle op de 500 meter. De reedrydster fan Goaiïngaryp sette 38.30 op 'e klokken. De Sinese Jing Yu wie foar de fiifde kear dit seizoen de bêste. Har tiid: 38.03. Thijsje Oenema wie mei har 38.89, de achtste tiid, net tefreden.

De 500 meter by de manlju waard wûn troch de Rus Dmitri Lobkov yn 35.11, foar Hein Otterspeer yn 35.14 en Keiichiro Nagashima yn 35.20. Jan Smeekens waard fjirtjinde (35.57) en Jesper Hospes sechstjinde yn 35.58.

De 1500 meter by de manlju waard wûn troch Shani Davis fan Amearika, foar de Nederlanner Kjeld Nuis. It ferskil wie mar 0.09 sekonde. Davis ried 1.46.89, Nuis 1.46.98. Havard Bøkko waard tredde yn 1.47.21.
De 5000 meter by de froulju waard in proai foar Martina Sábliková De Tsjechise bleau mei 6.52.50 de Dútse Stephanie Beckert mei 6.53.36 krekt foar. Mei de winst is Sábliková wis fan de einoerwinning yn de wrâldbeker op de 3000/5000 meter.

Trefwurden: 
reedriden wrâldbeker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)