Byles yn Cambuurstadion

02 mrt 2012 - 19:30

It Cambuur-stadion krijt in learsintrum foar bern fan 9 oant 14 jier, dy't op skoalle net goed presteare. Doel is dat de bern der nei skoaltiid opfong wurde en der byles krije. Dat gebeurt yn de foarm fan aktiviteiten dy't mei fuotbal te krijen hawwe, lykas it skriuwen fan in wedstrydferslach of it berekkenjen fan besikersoantallen.

It sintrum heart by it projekt Playing for Success en hat romte foar sa'n 300 oant 400 bern per jier. Dy folgje der in programma fan tolve wiken, it earste begjint yn septimber.

It Cambuurstadion is it 11e stadion yn Nederlân dat in learsintrum krijt. It is in inisjatyf fan ûnderwiisadvysburo KPC Groep.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)