Jild foar sterilisaasje katten

02 mrt 2012 - 18:58

Biste-opfang 't Heerveld yn Lúnbert siket jildsjitters foar it sterilisearjen of kastrearjen fan katten fan minima. 't Heerveld wol koarting op de yngreep jaan, om foar te kommen dat minima dat net betelje kinne en massaal jonge katten nei de opfang bringe moatte.

Gewoanwei kostet in sterilisaasje 65 euro en in kastraasje 25, minima hoege by 't Heerveld mar tsien euro te beteljen. De biste-opfang wol it ferskil betelje mei jeften fan partikulieren en organisaasjes. Dy hawwe yntusken al 750 euro byelkoar brocht.

De aksje rint fan moandei 12 maart oant woansdei 4 april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)