Earste peal Nivo Noord

Yn Ljouwert is freedtemiddei de earste peal slein fan de nijbou fan Nivo Noord. It skjinmakbedriuw dat foar wurk fan sawat tûzen minsken soarget drige út de Fryske haadstêd te ferhûzjen. It Untwikkelingsbedriuw Leeuwarden hat dat keare kind. Wol wie derfoar in liening fan 1,6 miljoen euro fan de gemeente Ljouwert nedich.
It nije gebou komt op yndustryterrein De Hemrik. It giet om in duorsem gebou dat it skjinmakbedriuw de kommende jierren hiere sil.