Museum of kafee yn âld stedhûs

02 mrt 2012 - 15:23

It âlde stêdhûs fan Boalsert soe in museum wurde kinne of der kin hoareka yn. Dat binne in pear ideeën dy't tongersdeitejûn nei foaren kamen op in jûn oer de takomst fan it gebou. Boalserters wiene manmachtich kaam om harren ideeën te presintearjen.

Sûnt de weryndieling by de gemeente Súdwest-Fryslân hat it âlde stêdhûs fan Boalsert eins gjin funksje mear. It karakteristike gebou wurdt tsjinwurdich allinnich noch mar brûkt as troulokaasje en toeristyske attraksje.

De PvdA Súdwest-Fryslân dy't de jûn organisearre, wol sjen oft de ideeën ek fierder brûkt wurde kinne yn de plannen fan de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)