Fryske Gea kin makliker lân oan boeren ferpachtsje

29 maaie 2015 - 07:31
  • (argyffoto)

It Fryske Gea kin tsjintwurdich folle makliker pachtlân yn natuergebiet oan de man bringe. Boeren hawwe sûnt it ferdwinen fan it molkkwotum ferlet fan mear lân. De natuerorganisaasje kin troch de gruttere fraach makliker nije pachters fine, as oare boeren ophâlde mei pachtsjen.

De boeren moatte by pacht fan natuergebiet foldwaan oan easken fan It Fryske Gea wat dong en bestridingsmiddels oangiet. De perioade dat se it lân op meie is ek beheind.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)