Automobilist botst op beam by Menaam

28 maaie 2015 - 19:50

In 19-jierrige automobilist út Menaam is tongersdeitejûn slim ferwûne rekke by in ûngelok op de Mieddyk yn Menaam. It slachtoffer botste mei syn auto op in beam. Dêrnei kaam er fêst te sitten yn de auto. De brânwacht moast him derút helje. De man is mei de ambulânse nei sikehûs MCL yn Ljouwert brocht.

Der wienen gjin oare auto's by it ûngelok belutsen. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok bard is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)