Bouwmeester en Postma bliuwe oan de lieding yn de regatta

28 maaie 2015 - 18:49

De Fryske silers Marit Bouwmeester en Pieter-Jan Postma gean nei de tredde dei fan de Delta Lloyd regatta yn Medemblik noch hieltyd oan de lieding. Bouwmeester kaam yn har twa races fan tongersdei ta in 3e en 1e plak. Sy hat yn it klassemint fan de Laser Radial in totaal fan 6 punten. Nûmer twa is Annalise Murphy út Ierlân mei in puntetotaal fan 10.

Yn de Finn-klasse einige Postma tongersdei yn syn races op in 1e en in 6e plak. Hy stiet oan de lieding mei 8 punten. Nûmer twa is de Italiaan Michele Paoletti mei 15 punten.

Freed binne de lêste twa races. Sneon folget noch de medaljerace.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)