Nederlands Dagblad hâldt FIFA-sponsoaren bûten de doar

28 maaie 2015 - 18:31

It Nederlands Dagblad wol gjin advertinsjes fan FIFA-sponsoaren mear yn de krante hawwe. De sponsoaren moatte har earst 'bekeare'. Korrupsjeskandalen by de FIFA binne de oanlieding foar dizze stap. As it oan Sjirk Kuipers leit, de Frentsjerter haadredakteur fan it Nederlands Dagblad, komme der yn 2022 ek gjin wedstriidferslaggen fan it WK yn Qatar yn de kolommen.

"Sa'n rare tastân, dêr kinne we net fleurich ferslach fan dwaan", sa seit Kuipers.

"Der binne safolle minsken ferbûn mei de FIFA en elk docht krekt as ha se der hielendal gjin ynfloed op. Mar elkenien hat wol mei ien fan de sponsoaren te krijen. Dat jildt ek foar ús as krante" seit Sjirk Kuiper tsjin Omrop Fryslân. Dizze aksje kin it Nederlands Dagblad op jierbasis in pear tûzen euro kostsje, seit er.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)