Facebookside 'Omrop Fryslân selsstannich' op 2700 likes

28 maaie 2015 - 17:44
  • De facebookside Omrop Fryslân selsstannich

In Facebookside dy't pleitet foar de selsstannichheid fan Omrop Fryslân hat binnen in dei al hast 2700 likes krigen. Minsken dy't de side stypje, fine dat Omrop Fryslân net opgean moat yn in noardlik kluster mei RTV Noord en RTV Drenthe.

Dat is wol it plan fan ROOS, de oerkoepeljende organisaasje fan regionale omroppen. Dy tinkt dat der mei klustering fan regionale omroppen 17 miljoen besparre wurde kin. De plannen fan Roos betsjutte lanlik in ferlies fan tusken de 150 en 180 banen, by de Omrop ûngefear 15.

Ek de partijen yn Provinsjale Steaten binne kritysk oer it besunigings- en reorganisaasjeplan fan ROOS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)