Advokaat: "Iepenbier Ministearje spilet foar eigen rjochter"

28 maaie 2015 - 16:26
  • Himp

Advokaat Tjalling van der Goot fan it kantoar Anker&Anker út Ljouwert is lilk op it Iepenbier Ministearje. Dat die tiisdei in ynfal by it Urban Garden Center yn Ljouwert en naam guod yn beslach dat brûkt wurde kin by it opsetten fan in himpkwekerij. It gie ûnder oare om groeimiddel foar himp, droechmiddel, himpsied en koalstoffilters.

It IM hat al it materiaal fuortendaliks ferneatige. Dat fynt Van der Goot te fier gean. Neffens him spilet it IM dan foar eigen rjochter. Van der Goot seit dat de eigener fan it bedriuw ûnskuldich is.

It guod kin no lykwols net mear weromfrege wurde. Yn totaal hie it materiaal in wearde fan sa'n 120.000 euro. Rjocht op in skeafergoeding hat de man allinnich as der in offisjele rjochtsaak komt en hy yn it gelyk steld wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)