Recron: "Gjin draachflak foar wynpark yn Iselmar"

28 maaie 2015 - 14:53

Rekreaasje-organisaasje Recron fynt it ûnbegryplik dat minister Kamp noch altyd fêsthâldt oan in wynturbinepark yn de Iselmar by Makkum. Neffens Jan Ybema fan de Recron is foar dat plan gjin inkeld draachflak.

De Recron fynt it plan fan de provinsje en de gemeente Súdwest-Fryslân om turbines by de Ofslútdyk del te pleatsen, folle better. De Recron en de Hiswa ferwachtsje no dat de provinsje Fryslân yn aksje komt om Kamp op oare gedachten te bringen.

Minister Henk Kamp sei woansdei dat er it rapport fan de gemeente Súdwest-Fryslân oer de helberens fan in park by de Ofslútdyk neist him delleit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)