Heechste punt strânpaviljoen

02 mrt 2012 - 14:14

Nei mear as tsien jier fan plannen en twa jier bouwen is freed lang om let it heechste punt berikt fan it nije strânpaviljoen op De Lemmer. It moat dizze simmer klear. Der moat noch hiel wat dien wurde oan de ôfwurking, mar it wurdt al aardich dúdlik hoe't it der út komt te sjen. It kompleks wurdt rûsd op 4 miljoen euro. It krijt ûnderyn twa swimbaden. Op de twadde ferdjipping is plak foar gearkomste- of kongresromte.

De bou rûn fertraging op, om't Wetterskip Fryslân earst de dyk fersterkje woe en doe de kredytkrisis kaam.

De ferwachting is dat it strânpaviljoen yn juny iepen kin.

Trefwurden: 
De Lemmer strânpaviljoen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)