"Europa moat talitte dat út dong mineralen helle wurde"

28 maaie 2015 - 12:38
  • Europarlemintariër Jan Huitema

Boeren moatte romte krije om te eksperimintearjen mei dong. Dat hat de lânboukommisje yn it Europeesk Parlemint yn Brussel tongersdeitemoarn mei grutte mearderheid besletten. It foarstel komt fan de Fryske Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea.

Neffens Huitema (VVD) is it no al mooglik om mineralen te winnen út kowedong, mar wurdt dat net dien omdat de Europeeske regels soks ferbiede. Huitema fynt dat te gek foar wurden. Hy easke tongersdei yn Brussel dat de Europeeske Kommisje de regel ferrommet en romte jout foar eksperiminten.

Neffens Huitema kin it op 'e nij brûken fan kowedong op de pleats sels in belangrike bydrage leverje oan in mear 'sirkulêre lânbou fan de takomst'. As de eksperiminten mei it sels meitsjen fan keunstdong út dong slagje, kinne boeren yn de takomst de dong diels op 'e nij brûke. Boppedat hoege se dan minder keunstdong oan te keapjen.

Huitema tinkt dat de Dairy Campus by Ljouwert hiel geskikt is om mei te dwaan oan in proef mei it meitsjen fan griene keunstdong.

Huitema presintearre tongersdeitemoarn ek noch in rapport oer de útstjit fan broeikasgassen yn de lânbou. De Europeeske kommisje hie earder in foarstel dien foar strangere regels. Mar as it oan de lânboukommisje leit, komme dy strangere regels der net. De Nederlânske regels binne no al strang genôch. Ekstra regels fan de Europeeske Uny hawwe gjin doel, fynt de lânboukommisje. Huitema fynt dat boeren sels de romte hâlde moatte om har bedriuw 'griener' yn te rjochtsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)