Suggestjes foar namme nije fúzjegemeente

28 maaie 2015 - 11:45
  • Gemeente Menameradiel

Nij Westergo(a) en De Fiif Dielen. Dat binne twa suggestjes foar de nije namme fan de gemeente dy't op 1 jannewaris 2018 ûntstiet troch de fúzje fan it Bilt, Frjentsjerteradiel, Littenseradiel en Menameradiel.

Ynwenners fan de gemeenten kinne de kommende tiid mei ideeën komme foar in nije gemeentenamme. Ut alle ynstjoerings wurde trije nammen keazen. Yn septimber kinne de ynwenners op in referindum út trije nammen ien útkieze. Op it stuit wurkje de fjouwer gemeenten gear ûnder de namme Westergo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)