Vitesse-oanhing net wolkom yn sintrum It Hearrenfean

28 maaie 2015 - 10:56
  • Lindegrêft It Hearrenfean

Vitessesupporters binne tongersdei net wolkom yn it sintrum fan It Hearrenfean foarôfgeand oan de wedstriid tsjin SC Hearrenfean. Dat hat boargemaster Tjeerd van der Zwan yn oerlis mei plysje en justysje besletten. As de plysje dochs supporters sjocht, wurde dy fuortstjoerd en rinne fans de kâns dat se it stadion net yn meie.

De boargemaster hat it beslút naam nei't ôfrûne tongersdei Feyenoordsupporters winkeljend publyk yn it sintrum fan 't Fean lestich foelen. De plysje moast doe mei sjarzjes yngripe om de supporters fuort te jeien.

Vitessesupporters hawwe earder ek al foar oerlêst soarge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)