Kontener oanstutsen: skea oan konifearen en berging

28 maaie 2015 - 10:50

De plysje yn Ljouwert ûndersiket de brânstifting yn in kontener fan woandeitemoarn op de hoeke fan de Bongastate en Oenemastate. Nettsjinsteande dat de brânwacht it fjoer gau ûnder kontrôle hie, koe net foarkaam wurde dat in konifearehage en in berging grutte skea oprûnen.

De plysje seit dat de kontener mei opsetsin tsjin de berging oan set is en yn 'e brân stutsen. De bewenners fan it hûs hawwe oanjefte dien fan brânstichting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)