Kopsturtbotsing fiif auto's op Drachtsterwei yn Ljouwert

28 maaie 2015 - 09:05

By in kopsturtbotsing op de Drachtsterwei Ljouwert yn, binne tongersdeitemoarn fiif auto's opinoar botst. De bestjoerder fan de achterste auto seach te let dat it ferkear foar him stilstie foar it Drachtsterplein. Hy klapte op de auto foar him. Trije auto's dêrfoar skoden dêrnei yninoar.

Ien fan de bestjoerders klage nei de botsing oer pine yn de nekke en is nei it sikehûs brocht.

It ferkear yn de moarnsspits hie in soad lêst fan it ûngelok, benammen automobilisten dy't de stêd yn woene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)