Bomenridders ferlieze koart pleit platanen by stedskantoar

28 maaie 2015 - 07:52

De Bomenridders hawwe it koart pleit tsjin de gemeente Ljouwert om it ferpleatsen fan sechstjin platanen yn de binnentún fan it stedskantoar ferlern. De gemeente wol de beammen derwei hawwe om plak te meitsjen foar kantoaren foar amtners. Neffens de Bomenridders is der gjin needsaak, om't in soad kantoaren yn de buert leech stean.

De Bomenridders hawwe allinnich beswier oantekene tsjin de kapfergunning en net tsjin de boufergunning. Derom is it beswier om prosedurele redenen ôfwiisd.

De beammen wurde moandei ferpleatst nei soarchsintrum Greunshiem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)