Balksters biede petysje oan tsjin AZC yn Balk

27 maaie 2015 - 22:38

Boargemaster Aalbers fan de gemeente De Fryske Marren hat woansdeitejûn op de riedsgearkomste mear as 600 hantekenings krigen. Se binne fan minsken út Balk dy't tsjin de komst fan in AZC foar 500 asylsikers binne. Hja binne net tsjin in AZC by it doarp, mar wol tsjin de omfang en lokaasje. Se hawwe wol in alternatyf: oan de Houtdyk en mei maksimaal 300 bewenners.

It COA en de gemeente wolle lykwols in AZC foar 500 bewenners, neist in pleats. Dat is in ferkearde kar, omdat dat problemen en oerlêst jout, warskôgje de omwenners.

Fierders fine de ûndertekeners fan de petysje dat 500 asylsikers fierstente folle is foar in doarp fan 3800 bewenners. Dat sil neffens harren problemen feroarsaakje.

Der is yn de ried net fierder praat oer de petysje, mar de boargemaster hat tasein dat de hantekenings meinommen wurde yn it beslút en dat de yntsjinners op de hichte holden wurde fan hoe't it fierder giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)