Klusterplan omroppen falt net goed by provinsjale steaten

27 maaie 2015 - 21:32

As provinsjale steaten de selsstannichheid fan de Omrop sa wichtich fine, soenen se sels de Omrop oerein hâlde kinne, want it is in kwestje fan jild. Dat seit VVD-fraksjefoarsitter Avina Fokkens yn in reaksje op it plan foar de regionale omroppen.

De Omrop soe klustere wurde moatte mei RTV Noord en RTV Drenthe en dat falt net goed yn de provinsjale steaten. Steatssekretaris Dekker wol 17 miljoen euro besparje op de regionale omroppen.

As de plannen trochgean, bestjut dat dat der fan de trettjin regionale omroppen yn Nederlân fiif fúzje-omroppen oerbliuwe en dat sa'n 180 meiwurkers dien krije. By de Omrop krije dan fyftjin meiwurkers dien.

De provinsjale fraksjes beprate de kwestje ynkoarten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)