Postma en Bouwmeester bliuwe boppe-oan yn regatta

27 maaie 2015 - 16:54

Silers Pieter-Jan Postma en Marit Bouwmeester steane ek nei de twadde dei fan de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik op it earste plak. Postma waard woansdei yn de tredde en fjirde race 2e en 1e. Mei in totaal fan 7 punten stiet hy no earste yn de tuskenstân. Nûmer twa is Josh Junior út Nij-Seelân, hy hat 15 punten.

Bouwmeester helle yn har twa races fan de Laser Radial ek in twadde en in earste plak. Sy stiet boppe-oan mei 5 punten. De Belgise Evi van Acker stiet twadde mei 11 punten. De regatta yn Medemblik duorret oant en mei sneon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)