Nije kommisjeleden yn de provinsjale steaten ynstalleard

27 maaie 2015 - 16:20
  • De steateseal

Pietsje Spijkstra, Rein van der Wal, Anne Schelhaas en Erna Cohen binne woansdei ynstalleard as nije kommisjeleden foar Provinsjale Steaten. Spijkstra wennet yn Ternaard en stiet op de list fan 50PLUS. Van der Wal is FNP-er. Hy komt út Surhústerfean en wurket yn it ûnderwiis.

CDA-er Schelhaas is melkfeehâlder en aktyf foar LTO Noard. Cohen stiet op de list foar de PVV en komt út Peazens. De kommisjeleden binne de earste opfolgers foar steateleden en meie ek meiprate yn de steatekommisje en op de steatemerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)