Keep them Rolling dochs noch nei Balk

27 maaie 2015 - 16:02
  • Keep them Rolling komt dochs noch nei Balk

Keep them Rolling komt op snein 7 juny mei in optocht fan legerweinen spesjaal nei Balk. De Keep them Rolling-stoet mei de Kanadeeske feteranen soe op befrijingsdei troch Balk ride, mar naam in oare rûte.

Dêrtroch hawwe in soad ynwenners fan Balk de auto's net sjoen. De organisaasje hat gelyk dêrnei tasein dochs noch mei legerweinen troch it doarp te kommen. De weinen sille om in oere as alve oankomme yn de Van Swinderenstrjitte. Hjir kinne minsken de weinen besjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)