Filmargyf sil tûzenen films en fideos digitalisearje

27 maaie 2015 - 15:13

It Frysk Filmargyf sil de kommende jierren tûzenen films en fideo's digitalisearje. De provinsje Fryslân stelt fiif miljoen euro beskikber om it Frysk erfguod te digitalisearjen. Ferskate Fryske erfguodorganisaasjes dogge oan it projekt mei. It Frysk Filmargyf set no as earste útein. Sy hawwe 450.000 euro krigen om oant en mei 2018 mear as 3000 films en fideos te digitalisearjen.

De fideos kinne dan ek brûkt wurde foar Kulturele Haadstêd 2018. De earste films binne fan 2016 ôf te sjen op de webside fan it filmargyf.

friesfilmarchief.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)