LTO: Kassen ferwaarmje mei ierdwaarmte

27 maaie 2015 - 14:45
  • De kassen fan Hartman by Seisbierrum

It gebrúk fan ierdwaarmte om kassen te ferwaarmjen komt mar kwalik fan de grûn. Dat moat oars, fynt lânbouorganisaasje LTO. Troch gebrûk fan ierdwaarmte kin in soad gas besparre wurde. Mar ierdwaarmte oanlizze kostet miljoenen en banken wolle der gjin jild foar jaan. De bedriuwen hawwe it jild sels ek net lizzen. Dêrom dogge boeren woensdei in berop op de Twadde Keamer, om te helpen om jild te finen.

Oer ierdwaarmte yn kassen wurdt al jierren praat, mar op dit stuit is der noch net ien kas yn Fryslân dy't echt sa ferwaarme wurdt.

Glêstúnbedriuw Hartman út Sexbierrum is al jierren dwaande mei plannen foar it opwekken fan ierdwaarmte. It stie op de planning om meikoarten te boarjen nei ierdwaarmte, mar dy plannen binne útsteld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)