FNP "fûleindich" tsjin fúzjeplannen Omrop Fryslân

27 maaie 2015 - 14:40

In selsstannige Omrop mei in spesjale posysje binnen it mediabestel bliuwt it doel fan de FNP. Dat docht bliken út skriftlike fragen fan de FNP-steatefraksje oan deputearre Sietske Poepjes. De partij wol him ta it uterste ynspanne om foar te kommen dat it ta ien noardlik mediabedriuw yn Grins komt.

Neffens de FNP-wurdfierder Corlienke de Jong geane de plannen fan ROOS streekrjocht yn tsjin de nijste Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer tusken ryk en provinsje.

De kommisje Hoekstra hat boppedat al earder in ûnôfhinklike posysje foar de Omrop mei in aparte finansiering advisearre oan steatssiktaris Dekker. It rapport fan ROOS giet ek yn tsjin de doelen dy’t yn it nije Fryske koälysje-akkoart steane, sa stelt De Jong fêst.

De FNP wol fan de deputearre witte hokker mominten der no noch binne om foar 1 jannewaris 2017 steatssiktaris Dekker en de Twadde Keamer op oare gedachten te bringen. ‘It rapport fan ROOS is noch mar in advys oan Dekker. Om de doelen fan it kabinet mei it nije mediabestel te heljen, kinne faaks ek alternative oplossingen betocht wurde.’ FNP-wurdfierder De Jong wol fan de deputearre witte wat de konkrete stappen fan it kolleezje no binne, en wat de rol fan Provinsjale Steaten dêr yn wêze kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)