85 learlingen dogge eineksamen Frysk

27 maaie 2015 - 12:09

Frysk as eksamenvak wurdt hieltiid populêrder. Dit jier dogge 85 learlingen eksamen yn harren memmetaal, ferline jier wiene dar der 83. It vmbo-eksamen is in begripend lêzen-eksamen, dit jier mei teksten oer de fytsestalling fan de NS en ek ien oer Rens Kroes, it suske fan Doutzen.

Frysk is in karfak. Lang net alle learlingen kieze it as eineksamenfak. Jongeren dy't der wol foar kieze fine it wichtich om harren memmetaal goed yn 'e macht te hawwen. Ek tinke se dat de taal wichtich is foar it berop dat se letter dwaan sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)