Aksje tsjinstesintrum Wytgaard

02 mrt 2012 - 12:32

Der komt in aksje yn Wytgaard om tsjinstesintrum oan It Kleaster foar it doarp te behâlden. Wenningboukorporaasje Elkien pachtet it gebou fan it bisdom en ferhiert it oan it tsjinstesintrum. It bestjoer kin de hier en de stookkosten no net mear opbringe. As der neat bart, moat it gebou ticht en dat soe in slach wêze foar it doarp. Lang net alle aktiviteiten kinne yn it doarpshûs holden wurde.

Safier wolle de frijwilligers it net komme litte. Se gean by bewenners del om in pear tûzen euro op it kleed te krijen. Dêrnei wolle se fierder sjen.

Trefwurden: 
It Kleaster Wytgaard
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)