Histoarysk festival SW-Fryslân

It stânbyld fan Gysbert Japicx by de Martinitsjerke yn Boalsert © Omrop Fryslân
Yn Boalsert wurdt yn septimber it twadde Histoarysk Festival Súdwest hâlden. Der binne dan allegear aktiviteiten dêr't histoaryske ferienings, ynstellings en musea harsels mei presintearje kinne. Der is yn alle gefallen in histoaryske kuier troch Boalsert en der is in rûte mei âlde en nije foto's. It festival wurdt organisearre troch de Stichting Bolswards Historie en Netwerk Streekarchief Zuidwest Fryslân.
De earste edysje wie yn 2010 yn Wâldsein. Dêr diene doe fjirtich ferienings en musea oan mei. It luts njoggenhûndert minsken.