Rederij: 'Neat mis mei Frisia'

01 mrt 2012 - 22:17

Direkteur Matthijs van der Ploeg fan rederij De Rousant yn Zoutkamp kin him net fine yn de grutte krityk fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid. Neffens in rapport dat dy ried tongersdei bekend makke, die bliken dat de yn desimber 2010 sonken skulpesûger Frisia net 'seeweardich' wie.

Direkteur Van der Ploeg fan de rederij bestriidt dat en seit dat it skip wol wynkrêft 10 hawwe koe. Ek seit er dat de skipper in jierrenlange ûnderfining op see hie. Allinne wiene der gjin offisjele dokuminten dêr't dat op stie.

De rederij hat nei 'ear en geweten' hannele. De dea fan de trije opfarenden fan it skip komt troch 'in gearrin fan omstannichheden', neffens de direkteur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)