Soargen oer gaswinning by Top en Twel

26 maaie 2015 - 22:27

De boaiem by Top en Twel sil net mear as twa sintimeter sakje troch de gaswinning fan Vermilion. Der komme ekstra mjitpunten om fêst te lizzen hoe grut de boaiemdelgong krekt wurdt. Dy tasizzing waard tiisdeitejûn dien op in ynformaasjegearkomste.

Vermilion wol fan 2017 ôf gas winne út it fjild ûnder de beide doarpen en hat dêrfoar yntusken ek de nedige fergunningen. De ynwenners hawwe noed oer de gefolgen. Sa binne se benaud foar skea oan harren huzen. Bewenners kinne de skea melde by it bedriuw en in spesjale kommisje.

De bewenners hoopje om de omkearde bewiislêst, wêrby't Vermilion oantoane moat dat skea net troch gaswinning komt, mar dy nije regel moat noch oannommen wurde troch de Earste Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)