Fryske silers begjinne goed oan regatta yn Medemblik

26 maaie 2015 - 20:35
  • Pieter-Jan Postma yn aksje

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple is de 31e edysje fan de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik tiisdei goed begûn. Hy wûn yn de Finn-klasse ien wedstryd en eindige yn de oare as tredde. Dêrtroch stiet er no earste yn it algemien klassemint.

Marit Bouwmeester fan Warten belibbe in noch bettere start. Yn de Laser Radial einige se twa kear op it earste plak en dat is no ek har posysje yn it algemien klassemint. De regatta yn Medemblik duorret oant en mei sneon.

Pieter Jan Postma hie de lêste tiid net folle súkses by wedstriden. Neffens him kaam dat omdat er eksperimentearre mei nij materiaal. Dêrom hat er derfoar keazen om yn Medemblik wer syn âlde mêst te brûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)