Olaf Koens: Kulturele Haadstêd is "gebakken lucht"

26 maaie 2015 - 19:57

Fryslân moat him net blyn stoarje op megalomane projekten lykas Kulturele Haadstêd 2018. Soksoarte eveneminten helje by einsluten neat út. Dat wie it boadskip fan Sjoernalist fan it jier Olaf Koens yn de fjirde Rede van Fryslân dy't tiisdeitejûn útsprutsen waard.

Koens hat yn syn jonge jierren op ferskate plakken yn Fryslân wenne. Hy is no korrespondint yn Ruslân. Koens fergeliket Kulturele Haadstêd mei de Olympiade yn Sotsji. Dêr is no ek neat mear fan oer, seit er.

De Rede fan Fryslân wurdt alle jierren hâlden oan de ein fan maaie. Doel is om de steaten en Fryske bestjoerders ta nije ynsichten te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)