FNP bliid mei Hendrik ten Hoeve yn Earste Keamer

26 maaie 2015 - 17:57

De FNP is bliid mei it plak fan Hendrik ten Hoeve yn de Earste Keamer. De leden fan alle provinsjale steaten yn Nederlân brochten tiisdei harren stim út foar de Earste Keamer. Ten Hoeve komt út foar de Unôfhinklike Senaatsfraksje (OSF), dêr't de FNP ek by heart. De FNP kin fia de OSF in regionaal lûd hearre.

De útslach wurdt woansdei pas echt offisjeel bekend. De stipe fan de gedoochpartijen foar it kabinet yn de Earste Keamer is fuortfallen. Dêrom kin de stim fan Unôfhinklike Senaatsfraksje wolris beskiedend wêze, seit Ten Hoeve.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)