"Provinsje moat oerstekplakken otters rapper oanpakke"

26 maaie 2015 - 17:24

De provinsje moat mear dwaan om diken feiliger te meitsjen foar oerstekkende otters. Dat seit Addy de Jongh fan Otterstasjon Nederland. In gerjochtlike útspraak fan ferline jier hat de provinsje Fryslân twongen ta de oanpak fan de otteroerstekplakken. Mar dat giet De Jongh net hurd genôch. Ferline wike waard tusken Ossensyl en Oldemarkt noch in otter deariden.

Neffens de provinsje kin de oanpak fan de oerstekplakken net rapper. De fjouwer plakken dy't no oanpakt wurde, binne pas ein dit jier klear.

De fjouwer knipepunten dy't de provinsje no oanpakt, binne twa plakken by natuergebiet Rottighe Meente oan de dyk fan Wolvegea nei De Kúnder, in otteroerstekplak yn de Trynwâlden en ien by Dokkum.

De provinsje wol mear tiid nimme om bygelyks ek te sjen nei wêr't otters delrinne, en dêr de oerstekplakken op oanpasse. Oant dy tiid komme op guon plakken tydlike oerstekplakken mei rasters te lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)