Dongeradiel hâldt oardel miljoen euro oer

26 maaie 2015 - 16:22
  • It gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum

De gemeente Dongeradiel hat ferline jier goed oardel miljoen euro oerhâlden. Dat is folle mear as foargeande jierren. Dat der jild oerbleaun is, komt troch finansjele tafallers. Sa hoegde de gemeente hast in miljoen euro minder te stekken yn útkearings en stipe oan minsken dy't soarch nedich hawwe. De gemeente wie ek minder jild kwyt oan ûnderhâld.

Dongeradiel hat ferline jier ek flaters makke mei de eigen regels foar it ynkeapbelied. By ynkeapen fan 20.000 euro ôf moatte offertes opfrege wurde by op syn minst trije oanbieders. Dat is yn in tal gefallen net hielendal goed gien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)