600 hantekenings tsjin komst grut azc yn Balk

26 maaie 2015 - 14:24
  • It plak dêr't it nije asylsikerssintrum yn Balk komme moatte soe

Tsjinstanners fan de komst fan in grut asylsikerssintrum yn Balk biede woansdei mear as seishûndert hantekeningen oan oan de gemeenteried fan De Fryske Marren. Se wolle dat der op de lokaasje oan de Houtdyk net mear as trijehûndert asylsikers komme.

Boargemaster en wethâlders hawwe earder oanjûn dat oan it tal fan fiifhûndert flechtlingen net te ûntkommen falt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)