Jarretank slacht om by útwykmanoeuvre

26 maaie 2015 - 14:13
  • plysje

Op de Oeriselskestrjitwei by Ljouwert is tiisdeitemoarn in jarretank omslein by in útwykmanoeuvre. De sjauffeur fan de trekker dy't de jarretank luts, moast oan 'e kant foar in wite VW Crafter. Dêrby sloech de jarretank om en rûn er in soad skea op. De wite VW Crafter ried fierder yn de rjochting Wytgaard.

De plysje siket no de bestjoerder fan dy VW Crafter of oare tsjûgen dy't mear witte fan it ûngelok. Sy kinne belje mei algemiene plysjenûmer 0900-8844. It ûngelok wie tiisdeitemoarn even nei sân oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)