Man rydt mei auto fan de A7 ôf, tsjin beam en heal yn sleat

26 maaie 2015 - 13:45

By in ûngelok op de A7 yn de buert fan it Grinslanner Mearum is tiisdeitemoarn in Fries ferwûne rekke, De 48-jierrige Earnewâldster rekke troch ûnbekende oarsaak mei de auto fan de dyk. Hy rekke in beam en kaam heal yn de sleat telâne. De bestjoerder moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Hy is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht.

De man wie mooglik ûnder ynfloed fan alkohol en medisinen. Dêrom is him in bloedproef ôfnaam. De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)