Fûgelgryp yn Amearika jout kânsen foar Fryske aai-eksport

26 maaie 2015 - 12:58

De útbraak fan fûgelgryp yn Amearika is 'goed nijs' foar aaiprodusinten yn Nederlân, lykas ek foar Frisian Egg yn Drachten. Amearika hat ferlet fan aaien en Frisian Egg krijt no in soad mear oarders út Amearika as oars.

Earder wiene der problemen mei de eksport út Europa wei nei Amearika. Dat sil no samar feroarje kinne neffens Jappie Stuiver fan Frisian Egg.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)