Meiwurkers GGZ bot skrokken fan man dy't gebou binnen ried

26 maaie 2015 - 12:51

Meiwurkers fan de GGZ yn Ljouwert binne bot skrokken doe't moandeitenacht in 40-jierrige man út de gemeente Ljouwerteradiel mei syn auto troch de glêzen doarren ried. Koart dêrfoar hie de man dy't yn 'e war wie in tal ruten fan it Jelgerhûs oan de Borniastrjitte ynsmiten. De meiwurkers ha yn panyk de plysje belle. Dy hat de man mei geweld út de auto helle.

De auto en it rydbewiis fan de man binne yn beslach naam. Neffens direkteur Douwina Zwart fan de GGZ is de skea oan it gebou grut.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)